Smoarch swimwetter troch poep

Swimwetter by oanlisstegers foar de rekreaasjefeart is bot fersmoarge. Dat komt trochdat in soad wettersporters it toiletwetter noch altyd op it wetter loaze. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Wetterskip Fryslân. Fan de grutte konsintraasjes baktearjes yn it wetter kinne swimmers bêst siik wurde.
Sûnt 1 jannewaris ferline jier moat húskewetter opfongen wurde oan board en yn jachthavens ôfjûn. It Wetterskip sil ekstra foarljochting jaan.