Miljoenen frege foar tsjerken

© Omrop Fryslân
De Stifting Behâld Tsjerklike Gebouwen yn Fryslân hat foar 60 âlde Fryske tsjerken subsydzje oanfrege. Der wurdt om jild frege út in Ryksfûns om tsjerkegebouwen en tsjerklike objekten foar de takomst te behâlden. Fryslân wol 5,5 miljoen euro. Letter dit jier sil foar noch 50 oare objekten ek om jild frege wurde foar in restauraasje. Der sit lanlik 47 miljoen euro yn de pot en wa't der mei de oanfragen it earst by is, hat de measte kâns op in bydrage.