Ferkearsoerlêst yn Wurdum

31 mrt 2010 - 22:22

De trochgeande dyk troch Wurdum en Swichum hinne is ûnfeilich. Dat docht bliken út in enkête fan doarpsbelang dy't holden is ûnder omwenjenden fan de dyk. Der wurdt te hurd riden op de dyk en swier lânbouferkear en frachtweinen meitsje tefolle leven en soargje foar trillings.

Doarpsbelang hat de útkomsten fan de enkête woansdeitejûn oerlange oan wethâlder Diks fan Ljouwert. Yn maaie begjint de gemeente mei in eigen ferkearsûndersyk yn de twa doarpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)