Bouwmeester wint fiifde race

31 mrt 2010 - 20:29

Marit Bouwmeester hat yn de baai fan Palma de fyfde race yn de Laser Radial wûn. Nei in frije dei, op tiisdei waard der net syld troch de hurde wyn, begûn de Wartenster yn de fjirde race mei in 19e plak. Yn it klassemint fan dizze WB-wedstriden klom Marit nei it fyfde plak.

Roelof Bouwmeester makke ek in lyts spronkje nei it 31ste plak yn it klassemint. De broer fan Marit waard in kear 16e en 28ste yn de Laser.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)