Priis foar 'Salsafamke'

Hanneke de Jong (foto: Frans Andringa)
De Simke Kloosterman Priis 2010 giet nei de skriuwster Hanneke de Jong foar har boek 'Salsafamke'. De priis wurdt ien kear yn de trije jier takend oan it bêste Frysktalige jeugd- of berneboek yn de perioade fan trije jier. De priis, in bedrach fan 3000 euro, wurdt neffens tradysje op de twadde sneon fan maaie oan Hanneke de Jong útrikt yn Twizel.
De oare beide gadingmakkers wiene Lida Dykstra mei 'Spegelspreuk' en Mindert Wynstra mei 'De stilte fan Joachem'.