Westra sakket yn De Panne

Lieuwe Westra (argyffoto)
Lieuwe Westra is yn de twadde etappe fan de trijedaachske De Panne syn moaie posysje yn it klassemint kwytrekke. Troch de hurde wyn en in protte reinwetter waard de etappe mei 26 km ynkoarte. Yn dy slitaazjeslach kaam Westra ferklomme as 20ste yn Koksijde oer de einstreek. Winner Sébastien Turgot wie doe nei 188 km al trije minuten binnen.
Yn it klassemint sakke Westra nei it alfde plak op 2.23 fan lieder Luca Paolini.