Streepte dolfyn op Flylân

Woansdeitemiddei is der in libbene streepte dolfyn fûn op it Noardseestrân by Flylân. De sjauffeur fan de rûnrittoer de Vliehors Express fûn it bist op de hichte fan it militêr oefenterrein.
De dolfyn wie wat ferwûne oan de sturt, mar seach der fierder sûn út. It bist waard woansdeitemiddei wer werom set yn see. Sy oerlibbingskânsen wurde leech ynskat. Om't in dolfyn in sosjaal bist is, soe er in ferbliuw yn de opfang net oerlibje.