Bern plantsje fruitbeammen

31 mrt 2010 - 12:19

Basisskoalle de Welle yn Burdaard hat woansdei acht fruitbeammen krigen fan de gemeente Ferwerderadiel. De learlingen fan groep 8 ha dy beammen woansdei sels plante, yn de tún fan de skoalle. Troch it wiete waar fan de lêste wiken wie de beamfeestdei twa wiken útsteld. Túnker Jan de Vries fan de gemeente wie op skoalle om te helpen by it plantsjen.

By de fruitbeammen komt ek noch in grientetún. De learlingen fan De Welle sille de tún sels ûnderhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)