Bad Blomketerp mooglik ticht

Swimbad Blomketerp yn Frjentsjer giet mooglik ticht. It nije kolleezje fan Gemeentebelangen, PvdA en VVD wol sa goed 300.000 euro jiers besunigje. Se sille earst besykje it te ferkeapjen, mar as dat net slagget dan moatte de doarren mooglik al ein dit jier ticht.
Yn Frjentsjerteradiel moat 1,8 miljoen besunige wurde en folle mooglikheden binne der net. Foar in protte oare saken binne der trochrinnende kontrakten en dêr kin de gemeente foarearst noch net fanôf.