Jonge skopt tsjin auto

31 mrt 2010 - 10:13

In ynwenner fan Frjentsjer hat moandeitenacht mei opsetsin in auto skanskearre. De jonge skopte op de Klipper in kontener tsjin de auto. Dat waard sjoen troch in foarbygonger. Dy koe de jonge oanhâlde en oerdrage oan de plysje. Dy hat him foar ferhoar meinaam nei it plysjeburo.

De jonge wurdt der ek fan fertocht de ruten fan in appartemintekompleks fernield te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)