Harkemase Boys bekert fierder

30 mrt 2010 - 23:00

Harkemase Boys hat him tiisdei pleatst foar de kwartfinale fan it noardlike bekertoernoai. Yn Snits wûn de ploech fan Henk de Jong simpel mei 3-0 fan ONS Snits. De goals kamen op namme fan Martijn Barto en Alwin Kooistra (twa kear).

Snits Wyt Swart wûn mei 5-2 fan DIO Grins en DIO Easterwâlde wie mei 1-0 te sterk foar VHK. LSC ferlear mei 2-0 fan Urk 2 en Frisia waard útskeakele troch PKC '83: 0-3. Tiisdei 6 april is de lotting foar de folgjende rondes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)