Aksje bettere CAO Wetterskip

30 mrt 2010 - 22:29

Wurknimmers fan Wetterskip Fryslân bliuwe aksje fieren foar in bettere CAO. De fakbûnen hawwe út namme fan hast 400 meiwurkers in petysje oan dykgraaf Van Erkelens oanbean. Dêryn freegje se om in oplossing yn it leankonflikt. De beide partijen steane al in skoft tsjininoar oer.

Efkes like it der op dat der in oplossing kaam doe't de wurknimmers foar itselde lean werom gean woene fan in 37-oerigge nei in 36-oerigge wurkwike, mar dat is ôfketst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)