Soargen Opsterlân A7-sône

Opsterlân hat soargen oer de takomst fan de A7-sône. Yn dat gebiet by dy sneldyk del wurkje Smellingerlân, Opsterlân, Hearrenfean, Skarsterlân en Snits gear om de bedriuwichheid te konsentrearjen. Ek de provinsje hat dêr altyd op ynset en dat hat foar in soad ekstra banen soarge.
It liket der bot op dat de provinsje minder as no noch ekonomyske ûntwiklings konsentrearje wol yn de A7-sône.