Atsma op plak 7 CDA-list

30 mrt 2010 - 10:59
  • Sander de Rouwe is 23ste op 'e list

CDA Twadde Keamerlid Joop Atsma stiet op it sânde plak op de kieslist foar de Keamerferkiezings op 9 juny. Dat is tiisdei bekend wurden. Sander de Rouwe fan Boalsert stiet op plak 23. Nij is Harry van der Molen. It riedslid út Ljouwert stiet op it 44ste plak.

Rendert Algra fan Jobbegea komt net werom yn de keamer. Hy stiet definityf net op de kieslist. Earder waard al bekend dat it CDA-bestjoer min te sprekken is oer syn funksjonearjen as keamerlid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)