Brânstifter bekent 10 brannen

30 mrt 2010 - 09:54

Mei de oanhâlding fan in 18-jierrige jonge út Twizelerheide hat de plysje tsien gefallen fan brânstifting oplost. De jonge wurdt derfan fertocht dat er sûnt oktober ferline jier foaral by sportferienings brân makke hat. Dat wie ûnder oare by VV Dokkum, dêr't by in brân yn it materiaalhok alle oefenballen, heskes en oar oefenmateriaal ferlern giene.

De plysje kaam de fertochte op it spoar mei help fan tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)