Oerfal winkel De Centrale
Twa manlju hawwe moandeitejûn in winkel oerfallen oan De Centrale yn Ljouwert. De fertochten kamen tsjin njoggen oere de saak yn. Se bedrigen de meiwurkers mei in mes en easken dat se de klûs iepen diene.
Nei't de oerfallers jild út de klûs helle hiene, naaiden se hurd út. De plysje hat socht nei de twa manlju, mar koe se net fine. De plysje is op syk nei tsjûgen.