Frysk silen by WB yn Spanje

29 mrt 2010 - 22:57
  • Marit Bouwmeester (argyffoto)

Brechtje van der Werf fan Snits hat mei Renee Groeneveld en Annemieke Bes by de tredde wrâldbeker silen fan it seizoen yn Spanje de goudgroep helle. It trio wûn har pûl by it matchracen. Marit Bouwmeester fan Warten stiet nei trije wedstriden yn de Laser Radial op it sânde plak.

Roelof Bouwmeester is yn de Laser nei fjouwer races 33e. Yn dy klasse is de hiele wrâldtop oanwêzich. Der dogge 131 silers yn de Laser mei. It wie moandei dreech silen mei de wyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)