Miljeufederaasje wol iepenheid

29 mrt 2010 - 22:44

De miljeufederaasje wol tenei fuortendaliks by grutte plannen belutsen wurde om it draachflak grutter te meitsjen. Dat stelde skiedend direkteur Bert van der Moolen by syn ôfskied. Neffens him is der troch ûnder oare de opkomst fan ynternet en de sosjale netwurken lykas Hyves en Twitter gjin sy-, wy- en jimme-tinken mear mooglik.

Van der Moolen is der foarstanner fan om elk by it útwurkjen fan plannen, lykas de oanlis fan in dyk, te belûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)