Brân yn natuergebiet Blesdike

29 mrt 2010 - 21:08

Yn in natuergebiet by Blesdike hat moandei oan 'e ein fan 'e middei brân west. De brânwacht fan Wolvegea koe net by de brân komme en hat de help ynroppen fan in boer om it blusmateriaal teplak te bringen. It fjoer baarnde op ferskillende plakken en waard mei swipen en wetter bestriden.

De brân is nei alle gedachten oanstutsen, neffens de plysje. Doe't de plysje by de brân oankaam, kamen der in pear jongeren út de bosk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)