Wykeinen mantelsoargers faai

29 mrt 2010 - 19:48

De bykomwykeinen fan mantelsoargers komme yn gefaar. De lanlike feriening foar mantelsoargers Mezzo hâldt nammentlik op mei de subsydzje foar sokke wykeinen. Foar guon mantelsoargers is it lykwols it iennige rêstmomint fan it jier.

De wurkgroep 'respijt'-wykeinen Fryslân wolle dochs besykje de wykeinen trochgean te litten. De leden hoopje op subsydzje fan soarchfersekerders en de Fryske gemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)