Marrekrite slút 10 steigers ôf

29 mrt 2010 - 14:54

De Marrekrite moat in tsiental populêre steigers yn drokbesochte rekreaasjegebieten foar wettersporters ôfslute. De houten steigers binne net feilich genôch mear.

Mei-inoar hat De Marrekrite yn Fryslân mear as 600 steigers yn behear dy't ûnderhâld nedich hawwe. Foar renovaasje hat it rekreaasjeskip twa miljoen euro. Mar troch de lange winter komt it wurk net klear foar it simmerseizoen. Sa'n tsien steigers moatte dêrom ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)