Soargen oer apteek Sint Nyk

29 mrt 2010 - 14:13

Doarpsbelang Sint Nyk makket him grutte soargen oer it ferdwinen fan de apteek yn it doarp. Heal maaie slút de apteek de doarren. Der sil noch wol in útjeftepunt komme by de húsartsepraktyk.

De apteek fan Sint Nyk hat in grut fersoargingsgebiet mei sa'n 5.000 klanten. Doarpsbelang is benaud dat dy no net goed mear betsjinne wurde kinne. Troch de sluting fan de apteek ferdwine ek in stikmannich banen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)