Man ferwûne by auto-ûngelok

It ûngelok fan sneintemiddei op yndustryterrein Ljouwert-West (foto: Anton Kappers)
In 63-jierrige automobilist fan Frjentsjer is snein ferwûne rekke by in oanriding yn Ljouwert. Hy ried op de krusing mei de James Wattstrjitte en de Swettestrjitte doe't in 59-jierrige automobilist út Snits foar him de krusing oerstuts.
De man út Frjentsjer koe net mear remje en de twa klapten op elkoar. Hy is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs foar ûndersyk.