Lieuwe Westra wer hiel rap

Lieuwe Westra hat him snein yn de ôfslutende tiidrit fan it Criterium International op Korsika wer ris goed sjen litten. Yn de race tsjin de klok oer 7,7 km waard de hurdfytser fan Mûnein fjirde. De Brit David Millar wûn, foar Alberto Contador en Michael Rogers. Lieuwe Westra hie njoggen sekonden langer wurk as de winner.
Michel Cornelisse, syn ploechlieder fan Vacansoleil, wie ûnder de yndruk: "Lieuwe laat zich hier zien tussen de absolute wereldtop."