Titan-FVC staakt nei ûngelok

28 mrt 2010 - 16:58

De fuotbalwedstriid yn 'e earste klasse F tusken Titan en FVC is snein nei 40 minuten staakt fanwege in botsing tusken twa spilers fan FVC. De beide spilers, Jeffrey Hollander en Rick Jansma, klapten by in duel om de bal mei de hollen tsjinelkoar.

Foaral by Jansma kaam de klap hurd oan. Hy mist in pear tosken en hat mooglik ek de kaak stikken. Hollander kaam der ôf mei in tal hechtings yn de wynbrau. FVC stie op it momint fan staken mei 2-0 foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)