Veenema wint heale maraton

28 mrt 2010 - 16:09

Hurdrinner Jan Albert Veenema hat mei oermacht de heale maraton fan Wymbritseradiel op syn namme skreaun. De Snitser rûn de heale maraton yn 1.16.26. Gerrit Duits ek fan Snits waard twadde op goed fjouwer minuten. Tredde wie de Ljouwerter Jacob van der Ley.

Yvonne Kassenberg út Burgum wie in klasse apart by de froulju. Sy kaam oan yn 1.24.30. Inge van Schaick út Ljouwert waard twadde op mear as acht minuten. Tredde waard Inge Wulffelé.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)