Brânwacht hâldt fernielers oan

28 mrt 2010 - 14:58

Twa jonges út Snits fan 16 jier binne sneontenacht oppakt foar fernielen fan ruten fan in skoalle. It skoalgebou stiet oan 'e Malta tsjinoer de brânwachtkazerne. Doe't de brânwacht weromkaam fan in ynset hearden se dat der ruten ynslein waarden.

De jonges woene útnaaie op in skooter, mar de spuitgasten hâlden harren oan en droegen se dêrnei oer oan de plysje. De jonges sitte fêst op it plysjeburo foar ûndersyk. It ynsidint barde om healwei fjouweren nachts.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)