Auto riidt yn op plysje

28 mrt 2010 - 14:38

In 47-jierrige ynwenner fan Wolvegea is sneon oanhâlden foar besykjen ta deaslach fan in plysjeman. De plysje stie midden op 'e Stienwikerdyk mei in oranje ljochtkegel en joech in stopteken. De automobilist hâlde net yn en ried lyk op 'e plysje ôf. Dy koe noch krekt op 't tiid fuortkomme.

By de achterfolging ried de man mei 140 troch De Blesse. De plysje koe de man ta stilstean twinge troch mei de plysje-auto tsjin syn auto oan te riden. De hurdrider wie dronken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)