Lintsjes foar brânwacht

Twa frijwilligers fan ´e brânwacht yn Skarsterlân hawwe sneontejûn in keninklike ûnderskieding krigen. It giet om Michael_Huisman en Piet_Nota. Boargemaster Bert_Kuiper fan Skarsterlân beneamde se op it jierfeest ta Lid in de Orde van Oranje-Nassau.
De manlju krigen it lintsje omdat se ôfskied namen fan de brânwacht. Huisman wie 33 jier befelfierder by de post op ´e Jouwer. Nota hie deselde funksje 36 jier lang yn Sint_Nyk.