Ljouwert: autobannen lekprikt

27 mrt 2010 - 15:05

Yn Ljouwert binne yn 'e nacht fan freed op sneon fan trettjin auto's de bannen lekstutsen. De weinen stiene parkeard oan it Nijeburen en it Perkswaltsje. In tsjûge belle de plysje oer de fernielings. De plysje hat de omjouwing ôfsocht, mar gjin dieders fûn.

De eigners moatte noch oanjefte dwaan fan 'e fernieling. Mooglik giet it om mear as trettjin auto's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)