Rûnom brommerkontrôles

27 mrt 2010 - 14:57

De plysje hat freed yn Frjentsjer, Harns en Ljouwert brommerkontrôles hâlden.

Yn Frjentsjer krigen 22 fan de 35 brommerriders in bekeuring, ûnder oare foar te hurd riden, stikkene remljochten en it riden sûnder rydbewiis.

Yn Harns en Ljouwert waarden goed fyftich brommerriders oanhâlde. Fan harren giene nochris achttjin op 'e bon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)