Hûs foar Jongeren weriepene

27 mrt 2010 - 13:44

It Hûs foar Jongeren yn Ljouwert is sneon feestlik weriepene. Yn 'e opfang foar dak- en thúsleaze jongeren oan 'e Huzumerleane baarnden ferline jier twa keamers út.

Foar de jongerein wie de brân in grutte skok, mar no liket er ek positive effekten te hawwen. De opfang waard op 'e nij ynrjochte. De wenferbliuwen binne grutter en guon fan 'e tweintich bewenners hawwe no in eigen keuken. Dêrtroch komt de stap nei in selsstannich libben tichteby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)