Beammen bedriging foar mûnen

27 mrt 2010 - 13:16
  • Foto: Omrop Fryslân

Beammen en gebouwen binne in grutte bedriging foar monumintale mûnen yn Fryslân. Dêrtroch fange se te min wyn, kinne se net mear draaie en dat kostet frijwilligers dy't net mear komme. Dat fynt adviseur Mark Ravesloot fan feriening De Hollandse Molen.

Neffens Ravensloot moatte beammen by mûnen safolle mooglik fuorthelle wurde. Der is wol in soad jild stutsen yn it opknappen fan 'e mûnen sels, mar net yn 'e direkte omjouwing fan 'e mûnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)