Konst PvdA-listlûker Steaten

27 mrt 2010 - 12:28
  • Deputearre Hans Konst (foto: Omrop Fryslân)

Deputearre Hans Konst wurdt listlûker fan de PvdA foar de provinsjale steateferkiezings. Hy moat derfoar soargje dat de PvdA yn maart takom jier de grutste partij yn 'e Steaten wurdt.

Konst is frij nij yn 'e top fan de partij. Hy folge goed in jier ferlyn Anita Andriesen op as deputearre fan romtlike oardening. Nei it ferstjerren fan Andriesen moast der net allinnich in nije deputearre komme, mar ek in nij gesicht fan 'e partij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)