Cohen lûkt foaral pommeranten

26 mrt 2010 - 17:23

Job Cohen wie freed yn Ljouwert foar syn earste publike optreden as listlûker fan de PvdA. Cohen waard útnoege troch de Stichting Van der Wielenlezing om te praten oer de ekonomyske krisis.

Cohen hold syn lêzing yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert foar goed 150 pommeranten. De byienkomst dy't 75 euro de persoan koste, wie samar útferkocht. Doe't Cohen de útnoeging oannaam, wie er noch boargemaster fan Amsterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)