Balkster sjongt yn finale

26 mrt 2010 - 14:27
  • Sjongster Suzanna Pleiter út Balk

Op een onbewoond eiland, ik heb zo wa-wa-wa-waanzinnig gedroomd... Dy titels binne fansels fan ferskes fan Kinderen voor Kinderen. Sneontejûn is de finale fan it Kinderen voor Kinderen Songfestival. Dêryn stride tolve bern út de tolve provinsjes om de titel.

Fansels docht der ek in Friezinne oan mei en dat is de tsienjierrige Suzanna Pleiter út Balk. Sy sit yn de klasse fan master Klaas Herder. De winner fan it festival krijt in bokaal en ieuwige roem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)