Jild foar oanpak spoar

Fryslân krijt jild út Den Haach om it spoar tusken Ljouwert-Snits en tusken Ljouwert-Harns oan te pakken. Totaal stelt de ministerried 44 miljoen euro beskikber foar ferbetteringen oan it spoar yn hiel Nederlân.
Op it trajekt Ljouwert-Snits moat by Snits Noard it spoar ferdûbele wurde. Ek moat der in ekstra perron komme. Dêrtroch kin it tal treinen omheech fan 2 nei 3 yn de oere. Ek moat de snelheid tusken Mantgum en Ljouwert omheech.