Hurdrider rydbewiis kwyt

26 mrt 2010 - 10:26

In 37-jierrige automobilist út Wapenveld yn Gelderlân moast tongersdeitejûn syn rydbewiis ynleverje neidat er mei 140 kilometer yn 'e oere oer de stedsrûnwei-súd yn Snits riden wie. 80 is dêr it maksimum.

De plysje hold tongersdeitejûn in snelheidskontrôle mei de lasergun yn Snits. De man út Wapenveld hat proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)