B'him moat flink besunigje

26 mrt 2010 - 09:37

Boarnsterhim moat tusken no en 2015 4,8 miljoen euro besunigje. De gemeente wol foaral minder útjaan oan ûnderhâld fan bygelyks gebouwen, monuminten, sportfjilden en grien. Fierder kin trije ton besunige wurde op de eigen organisaasje.

Dêrneist wurdt kritysk sjoen nei de subsydzjes dy't ferienings en stiftingen yn Boarnsterhim krije. De kâns bestiet dat de plannen bysteld wurde moatte as fan 2012 ôf minder jild frijkomt út it gemeentefûns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)