Omwenners tsjin pensjon

Oerlêst en problemen yn de Ljouwerter wyk Bloemenbuurt stean de komst fan in nij sosjaal pensjon mooglik yn de wei. It giet dan om oerlêst dy't neffens omwenners foar in part te krijen hat mei de hjoeddeistige nachtopfang De Terp foar dak- en thúsleazen, mar ek om oare problemen yn de wyk.
De organisaasje foar dak- en thúsleazen Zienn wol de Terp yn 2012 slute en de minsken ferspraat oer Ljouwert in plakje jaan, bygelyks oan de Hoekstersingel.