Man falt yn wetter by Heech

25 mrt 2010 - 21:36

De helptsjinsten hawwe tongersdeitejûn by it rekreaasje-eilân Rakkenpôlle by Heech in man út it wetter rêden. De man wie fan in sylboat fallen. Syn frou koe him de holle boppe wetter hâlde en warskôge tagelyk de helptsjinsten.

Dy hellen de man út it wetter. It slachtoffer wie ûnderkuolle en waard nei it sikehûs yn Snits brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)