Spaanske stipe foar Liet

De Sámi rockband SomBy út Finlân wûn de lêste edysje fan Liet International
De Spaanske regio Asturias stipet Liet Ynternasjonaal de kommende trije jier mei 10.000 euro it jier. Dat hawwe de Fryske stifting en de Asturyske minister fan taal en kultuer ôfpraat yn 'e Asturyske haadstêd Oviedo. De provinsje Fryslân stipet Liet al.
Neffens de minister is Liet in moai evenemint dat noch jierren fierder groeie kin. Asturias wol Liet yn 2012 graach sels organisearje en ek yn 'e eigen regio hâlde. Yn 2011 komt it nei alle gedachten yn Udine yn Italië.