Byb tefreden oer iepen sneinen

25 mrt 2010 - 16:38
  • Foto's: Omrop Fryslân

De biblioteek yn Ljouwert is tefreden oer de sneinsiepening yn de hjerst- en wintermoannen. De biblioteek by de Wurdumerdyk is sneintemiddei tusken twa en fiif oere iepen.

Festigingsmanager Van der Schuit seit dat de animo lykas ferline jier grut wie. Benammen minsken mei bern kamen del. Mar op keapsnein wie der dúdlik minder belangstelling om in boek of dvd te lienen. Takom snein is de Ljouwerter byb foarearst foar it lêst iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)