Keatsmuseum draait min

Keatsmuseum min berikber (foto: Omrop Fryslân)
It giet min mei it keatsmuseum yn Frjentsjer. It keatsbûn KNKB hat jildproblemen en besuniget foar de twadde kear op it museum. Fan it budzjet fan 12.000 euro bliuwt ek dit jier mar 7000 oer. Sadwaande is der gjin jild foar eksposysjes en ek net om de húsfesting te ferbetterjen.
It museum sit boppe de Friesland Bank yn Frjentsjer. Alde minsken kinne dêr dreech komme. Undersiken nei oare lokaasje kinne troch te min jild net útfierd wurde.