Gjin bommen mear fûn

25 mrt 2010 - 16:02

By de Fleanbasis Ljouwert binne gjin nije fleantúchbommen fûn. Yn jannewaris waarden dêr fjouwer Ingelske 500-pûners ûntdutsen. Se kamen foar it ljocht by wurk oan in rûnwei dy't om de basis hinne oanlein wurdt.

Binnen in wike wurdt mear bekend oer wannear't dy bommen oprêden wurde. In lyts fyftich hûshaldens moat dan mooglik in hiele dei it hûs út. It giet om wenhuzen en pleatsen oan de Marsumer kant fan 'e fleanbasis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)