De Boer ferrast troch beslút

25 mrt 2010 - 14:45
  • Ale de Boer (foto: Omrop Fryslân)

Ferdediger Ale_de_Boer is ferrast troch it beslút fan SC_Cambuur om net mei him fierder te gean. 'Ik seach it net oankommen en it wie wol even in skok', sa seit De Boer. 'Ik ha hjir tsien jier fuotballe, sa'n meidieling falt dan wol rau op je dak.'

Hoe't de takomst fan de man fan Readtsjerk derút sjocht is noch net dúdlik. Hy hopet lykwols op in nij aventoer yn it betelle fuotbal. De Boer: 'Ik bin noch net oan myn top, wa wit slagget it by in oare klup.'

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)