SC Cambuur siket 'goed gefoel'

25 mrt 2010 - 14:32

Sportklup_Cambuur wol yn de lêste seis wedstriden fan de reguliere kompetysje in 'goed gefoel' krije om de play-offs yn te gean. De Ljouwerters spylje noch fjouwer kear thús en benammen dy wedstriden moatte yn winst omsetten wurde. Te begjinnen mei de wedstriid fan freed tsjin FC Volendam.

De seleksje is sa goed as folslein. Allinnich de skorste Reza en de blessearren Rudy Jansen en Jos van Nieuwstadt binne der net by. Beide spilers traine wol wer mei de groep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)