Nij kolleezje Littenseradiel

25 mrt 2010 - 14:18
  • It gemeentehûs yn Wommels (foto: Omrop Fryslân)

SAM Littenseradiel en de FNP foarmje it nije kolleezje fan Littenseradiel. De partijen wolle in soad deselde dingen, se hawwe politike wil en in romme mearderheid.

Wurkgroepen fan SAM Littenseradiel en de FNP sille in konvenant opstelle en de basis meitsje foar in kolleezjeprogramma. As dat klear is wurde der wethâlderskandidaten foardroegen. CDA en VVD bliuwe bûten it kolleezje, mar binne tefreden oer it advys fan ynformateur Brouwers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)