Soarchsintrum Skerpenseel faai

Foto: website Weststellingwerf
It nije soarchsintrum yn Skerpenseel liket der definityf net te kommen. Foar de bou moat it bestimmingsplan oanpast wurde. De gemeente Weststellingwerf wol dat net betelje. Fierders pakke allegearre prosedueres yngewikkelder út as tocht waard. Dêrom sjogge de inisjatyfnimmers derfan ôf.
In spesjale doarpskommisje sil no de gemeenteried benaderje oer de saak. De ried moat mar mei in útspraak komme. It giet om in soarchsintrum mei dêryn ek acht âlderenwenten.