Jiskeweinen Omrin op biogas

Offalynsammelbedriuw Omrin hat nije jiskeweinen op 'e dyk dy't ride op biogas. Wethâlder Isabelle Diks naam de auto's tongersdei offisjeel yn gebrûk. Omrin makket it biogas sels fan húshâldlik organysk ôffal út 'e kontener dat ophelle wurdt. Dan giet it om bygelyk ierappelskilen en griente- en fruitôffal. Der wiene al jiskeweinen dy't ride op koalsied-oalje en op ierdgas. No binne dêr de weinen op biogas bykaam.